Nij appartemintekompleks ferfangt eardere apoteek De Harkema

De eardere apoteek fan De Harkema © Atze van der Ploeg
Op it plak fan de eardere apoteek oan de Nijebuorren op De Harkema komme apparteminten. It is de bedoeling dat der yn it nije gebou tsien apparteminten komme, ferdield oer twa boulagen. It plan hat de stipe fan it kolleezje fan b. en w. fan de gemeente Achtkarspelen. De apparteminten binne foaral bedoeld foar senioaren.
De apoteek fan De Harkema ferhuze trije jier lyn nei it nije sûnenssintrum yn it doarp. Der siet earder in beukerskoalle.