FIDEO: Topkok Jan Smink giet foar top 5 by Bocuse d'Or

19 jan 2017 - 20:41

Topkok Jan Smink fan Wolvegea set takom wike noch ien kear alles op alles om goed te skoaren op de Bocuse d'Or, de grutste itensiederswedstriid fan 'e wrâld. Mei syn commis Sander Verhaaf en coach Lars Aukema hat hy dizze wike noch om te oefenjen, foar't hy ôfset nei Lyon yn Frankryk.

Smink die twa kear earder mei. Earst waard hy alfde as assistint fan Marco Poldervaart, twa jier lien stie hy sels oan it roer en waard hy njoggende. Doel is no de top 5.

(Advertinsje)
(Advertinsje)