Yntegraasjejûn Balk Connect begjint mei knokpartij

19 jan 2017 - 19:05

De ferbiningsjûn yn Balk foar de doarpsbewenners en de asylsikers fan it azc is tongersdei begûn mei in knokpartij. Sa'n fjouwer asylsikers fleagen inoar yn de hierren yn sosjaal-kultureel sintrum 't Haske, dêr't de jûn hâlden wurdt. De oarsaak fan de fjochterij is noch net bekend. De belutsen asylsikers binne meinaam troch de plysje om it skeel op in rêstige lokaasje út te praten.

De gearkomste Balk Connect wurdt organisearre sadat de bewenners fan it doarp op ynformele wize mei de asylsikers yn 'e kunde komme kinne en oarsom.

De jûn is opset troch studinten fan Stenden Hegeskoalle. Der kamen mei-inoar sa'n 60 minsken op de jûn ôf; asylsikers mar ek Balksters. Dy hiene it oer it generaal goed nei it sin. Der waard yn wikseljende groepkes in soad praat en der waarden ek ferskate ferfolchôfspraken makke. De organisaasje fynt it dêrom, ôfsjoen fan it ynsidint oan it begjin, in slagge jûn. 

Trefwurden: 
knokpartij Balk AZC
(advertinsje)