Google komt mei Fryske autokorreksje foar mobyl

19 jan 2017 - 18:50
Foto: Google

Flaters type yn it Frysk op de mobyl hoecht fan no ôf net mear. Google hat autokorreksje foar it Frysk tafoege oan har toetseboerd foar Android-telefoans. De app mei de namme Gboard is fergees te downloaden fia Google Play. "Dus nea wer 'IT giet kan' of 'panty kousen', mar gewoan 'it giet oan' en 'oant moarn'!", sa skriuwt it bedriuw op syn Facebookside.

Fansels kamen der op Facebook ferskate reaksjes op de nije funksje foar it toetseboerd: fan "Hjir mei ik wol oer!" oant "Hoecht net. Ik kin it sels wol", mar ek "Het schijnt dat hij bij hard schudden ook het Friese volkslied afspeelt!".

(advertinsje)
(advertinsje)