Jonges driigje mei mes

24 okt 2011 - 09:46
Foto: Omrop Fryslân

Twa jonges fan 14 en 16 út De Gordyk binne sneintejûn oanhâlden om't se in oare jonge mei in mes bedrige ha. It giet om in jonge fan 15, ek út De Gordyk. De twa woene jild fan de jonge ha.

De plysje koe de jonges oanhâlde op basis fan in sinjalemint. Se binne oerbrocht nei it plysjeburo en yn 'e sel set.

(Advertinsje)
(Advertinsje)