Harkemase Boys tsjin ONS sneon live by Omrop Fryslân

Harkemase Boys © awfoto.nl
De fuotbalwedstriid tusken Harkemase Boys en ONS is sneontemiddei live te folgjen yn it radioprogramma Sneon yn Fryslân. De wedstriid op sportpark De Bosk op De Harkema begjint middeis om 17 oere. De útstjoering fan Sneon yn Fryslân giet dan in oere langer troch oant 19 oere. Der sil ferskate kearen skeakele wurde mei de lokaasje. Minsken dy't net nei it fuotbalfjild komme kinne, hoege dus neat fan de wedstriid te missen.
Der is noch wol ien betingst: de KNVB moat it fjild op sportpark De Bosk noch goedkarre.