Bestjoerders nei Parys foar Koloniën van Weldadigheid

19 jan 2017 - 17:21

In oantal bestjoerders út Nederlân en België is op it stuit ûnderweis nei Parys. De bestjoerders biede dêr it nominaasjedossier fan de Koloniën van Weldadigheid oan by UNESCO. De bedoeling is dat de Koloniën de wrâlderfguodstatus krije. Dizze earmekoloanjes lizze yn Fryslân, Grinslân, Drinte, Oerisel en yn België. By de delegaasje binne ek bestjoerders út de gemeente Weststellingwerf, dêr't tichteby Noardwâlde ek in koloanje leit. It nominaasjedossier wurdt freed oerhandige.

Fan 1818 ôf waarden earme minsken út meastal grutte stêden nei de koloanjes brocht. Sy koenen dan in eigen bestean opbouwe, bygelyks as boer. Minsken krigen yn de koloanjes ûnderdak, ûnderwiis en soarch. It idee kaam fan generaal Johannes van den Bosch. Earder binne al betonnen markearringen om de Koloniën fan Weldadigheid hinne pleatst.

(Advertinsje)
(Advertinsje)