Miljoenen euro's stipe foar Ynnovaasjekluster Drachten

© Omrop Fryslân
It Ynnovaasjekluster Drachten krijt miljoenen om út te wreidzjen en noch profesjoneler te wurden. It jild komt fan de provinsje, de gemeente Smellingerlân en de bedriuwen dy't meidraaie yn it kluster. It Ynnovaasjekluster is in gearwurking tusken hightechbedriuwen en kennisynstellingen yn it noarden, dy't foarop rinne mei ynnovaasje. Dan giet it bygelyks om brûken fan skjinne enerzjy.
Mei it ekstra jild kinne de ûndersyksfasiliteiten útwreide wurde en kin mear personiel oanlutsen wurde.