Ekstra ledegearkomste BFVW oer wol of net aaisykjen

19 jan 2017 - 15:36

It bûn fan Fryske fûgelwachten hâldt in ekstra ledegearkomste om te praten oer hoe't it dit jier moat mei it ljipaaisykjen. De ôfrûne twa jier mocht der net aaisocht wurde, omdat it min giet mei de ljip. Mar yn it belied fan de BFVW stiet dat dy it aaisykjen oerein hâlde wol.

De leden meie no sizze wat sy wolle, oft se dat belied feroarje wolle of net. Foar aaisikers is it sykjen fan de ljipaaien ferbûn oan de neisoarch foar de nêsten fan de ljippen. In groep aaisikers wol net neisoargje as der net aaisocht wurde mei.

De ekstra ledegearkomste is moandei oer in wike.

Trefwurden: 
ledegearkomste BFVW aaisykjen
(Advertinsje)
(Advertinsje)