Minsken sakje troch it iis op it Nannewiid

© De Vries Media
Op it Nannewiid by Aldehaske binne tongersdeitemiddei in pear minsken troch it iis sakke. Dat meldt de plysje. It iis is flintertin, seit de plysje.
De minsken binne út it wetter helle. Hoe't se der oan ta binne, is net bekend.
Brânwacht Fryslân ropt minsken op om net op it iis te stappen. "It iis yn Fryslân is hiel tin. Soargje derfoar dat wy jo net út it kâlde wetter hoege te heljen", skriuwt de brânwacht op Twitter.