FIDEO: Wat fine Fryske bern yn Amearika fan Trump?

Freed is de ynauguraasje fan Donald Trump en fan dat momint ôf is hy offisjeel de baas fan Amearika. Mar hoe tinke Friezen yn Amearika dêr eins oer? De 14-jierrige Ilse en de 12-jierrige Jilt de Boer wenje al harren hiele libben yn Texas Amearika, mar hawwe Fryske âlden. Sy komme noch geregeld yn Fryslân. Tsjek hie kontakt mei harren fia Skype en frege hoe’t sy tinke oer de nije presidint en wat harren ferwachtingen binne.