Plysje warskôget jongerein foar gefaren 'lachgas'

19 jan 2017 - 14:22
Lachgas - Foto: ANP

De plysje fynt hieltyd faker slachrjemmepatroanen op hingplakken fan jeugd. Jongeren brûke it 'lachgas' út de patroanen om high te wurden. De plysje warskôget op Facebook foar de gefaren dêrfan.

It wurdt yn in ballon spuite en dêrnei ynazeme. It liket ûnskuldich, mar kin tige gefaarlik wêze. Al hielendal yn kombinaasje mei alkohol. Sa kin der op koarte termyn soerstoftekoart yn de harsens optrede en kinne de longen befrieze. Gefolgen op de lange termyn binne ûnfruchtberens, ympotinsje, harsenskea en neurologyske fersteuringen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)