Brûnzen Tapknop útrikt oan Café Restaurant Tjeukemeer

19 jan 2017 - 11:39
Peter en Sjoukje Fabriek - Foto: Photo Republic

Café Restaurant Tjeukemeer yn Eastersee hat de Brûnzen Tapknop 2016 wûn. Se stean dêrmei yn de top fan de hoarekasaken yn de regio. Café Tjeukemeer krige meardere kearen besite fan mystery guests, en is troch harren beoardiele op service, bierbehanneling en gasthearskip. De lêste trije jier krige it kafee noch de Gouden Tapknop. De priis is ûnderdiel fan it Goed Getapt Programma fan bierbrouwer Heineken. 

Yn dit programma krije kafees en restaurants trainingen en workshops oer kwaliteit yn service en bierbehanneling. Eigeners Peter en Froukje Fabriek binne dochs ek tige wiis mei dizze priis: "Dat betsjut dat we al jierren in stabile faktor yn de hoareka binne en dat oare hoarekakollega's goed meidogge."

De Tapperij yn Langwar krige de priis foar Beste Nieuwkomer yn de regio Noard-Nederlân. De haadpriis, de Gouden Tapknop, gie nei Ribhouse Bronco yn Grins. 

Trefwurden: 
Brûnzen Tapknop
(Advertinsje)
(Advertinsje)