Autobedriuw hopet moandei wer oan it wurk te gean

19 jan 2017 - 11:37
Grutte skea by Van der Horst - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Autobedriuw Van der Horst yn Ljouwert hopet moandei wer oan it wurk te gean yn de wurkpleats. It bedriuw brânde woansdeitemoarn foar in grut part ôf. Benammen de showroom is dêrby skansearre rekke. De wurkpleats koe troch de brânwacht rêden wurde. De kommende dagen wurde de auto's dy't gjin skea hawwe nei bûten ta riden, sadat de ferkeap ynkoarten ek wer útein sette kin.

It is noch net dúdlik hoe grut de skea krekt is foar it bedriuw. Ek is der noch neat te sizzen oer de oarsaak fan de grutte brân. 

Trefwurden: 
Van der Horst Ljouwert brân
(Advertinsje)
(Advertinsje)