Ekonomy en wurkgelegenheid: grutte regionale ferskillen

Jild © Omrop Fryslân
Der wurde grutte regionale ferskillen ferwachte yn de ekonomyske groei en de groei fan de wurkgelegenheid. Dat ferwachtsje de ekonomen fan RaboResearch fan de Rabobank. Yn it noarden fan de provinsje wurdt kwa wurkgelegenheid in groei fan 0 oant 0,5 ferwachte. Wylst yn sawol it súdwesten as it súdeasten fan de provinsje in groei fan 1,3 oant 2,2 ferwachte wurdt. As it giet om ekonomyske groei is de ferwachting foar Noard-Fryslân in groei fan 0 oant 1 prosint, yn Súdwest-Fryslân 2,3 oant 3 prosint en yn Súdeast-Fryslân 1,8 oant 2,3 prosint.
Neffens de ekonomen soene yn Súd-Fryslân benammen de gebieten rûn de A6 en de A7 profitearje fan de ekonomyske groei. "Vanwege de grote druk op de ruimte en de hoge prijzen voor bedrijfsruimte in de Randstad zijn de regio's buiten de Randstad vooral voor ruimte-intensieve bedrijvigheid aantrekkelijke vestigingsgebieden," sa skriuwe de ekonomen.