Bogerman Snits stiet yn finale lanlike ûntwerpwedstriid

It Bogerman Kolleezje yn Snits © Google Street View
Skoalmienship Bogerman yn Snits is ien fan de tsien skoallen dy't yn de finale fan de lanlike technyk- en keunstwedstriid Artcadia stiet. Learlingen fan 2 HAVO/VWO moatte kreative oplossings betinke foar wetter, miljeu en romtlike problemen yn de fiktive takomststêd Artcadia.
Yn totaal dienen dit jier 117 skoallen mei oan de wedstriid. De winners fan de wedstriid meie mei tsien learlingen en twa dosinten by bysûndere technyske projekten yn Parys del. Op 12 april is de finale yn Eindhoven. Artcadia is in inisjatyf fan ûntwerp- en konsultansyorganisaasje Arcadis, de Keninklike Nederlandsche Heidemaatschappij en Canon Nederlân.