Middenfjilder Farshad Noor spilet tydlik by Cambuur

19 jan 2017 - 10:08
Farshad Noor yn it giel spilet hjir foar Roda JC - Foto: ANP

Sportklup Cambuur hiert de kommende moannen de middenfjilder Farshad Noor. De 22-jierrige spiler komt per direkt oer fan Roda JC. Neffens technysk direkteur Gerald van den Belt is Farshad in 'karakterfuotballer dy't op meardere posysjes op it middenfjild út de fuotten kin'. Farshad hat by Roda al in protte minuten makke yn de earedifyzje. Farshad komt út de jeugdoplieding fan PSV en hat noch in kontrakt by Roda oant en mei dizze simmer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)