Plysje yn Ljouwert siket nei eigener fan klûs

19 jan 2017 - 10:02

De plysje is op syk nei de eigener fan in grutte klûs. De klûs waard yn de nacht fan woansdei op tongersdei oantroffen yn in auto oan de Vletstrjitte yn Ljouwert. Doe't aginten om 2 oere nachts de strjitte ynrieden, seagen se in persoan folslein yn swarte klean by de auto fuortdraven.

Der is noch nei de persoan socht, mar dizze is net mear fûn. De plysje hat gjin idee fan wa't de klûs is. De auto dêr't de klûs yn siet, is least.

Trefwurden: 
plysje klûs Ljouwert
(advertinsje)
(advertinsje)