Handbike fan Gerlof Dijk weromfûn

19 jan 2017 - 09:21

De handbike fan Ljouwerter Gerlof Dijk is werom. Dit wykein waard de hânfyts stellen by in Jumbo supermerk oan it Hoeksterpaad yn de stêd. Mar troch in oplettende meiwurker fan de supermerk is de fyts no werom. De meiwurker hie de kamerabylden fan de stellerij nochris besjoen en seach dat de fertochte opnij yn de winkel wie. De plysje waard fuort dêrop warskôge, en hat de hânbike weromfûn. Gerlof krijt syn fyts letter tongersdei fan de plysje werom.

(Advertinsje)
(Advertinsje)