Kollum: "Botte Jellema giet oer de linkse boech"

Botte Jellema is freelance sjoernalist en wurket foar ferskate omroppen op Radio 1 en foar Omrop Fryslân. Hy komt út Loaiïngea en wennet yn Amsterdam. De kollums fan Botte gean oer wat hy meimakket en wat him fernuveret yn it deistich libben en yn de media. Hy is te folgjen op Twitter.
"Juster wie ik op paad foar Radio EénVandaag. Se bestegen oandacht oan in rapport fan Defence for Children. De situaasje foar útsetten bern yn Armenië is erbarmlik. Dat stiet yn it rapport 'Ik wil terug naar Nederland' dat Defence for Children tegearre mei de Rijksuniversiteit Groningen juster publisearre.
Eduard wie santjin doe't er net mear nei syn skoalle yn Amersfoort koe. Hy en syn heit, mem en suske waarden weromstjoerd nei Armenië. Se ha hjir seis jier wenne. Ik prate mei de mentor fan Eduard…
"Ephimenco heeft een heel mooi artikel geschreven over dat Eduard zich tot een voortreffelijke Nederlander heeft ontwikkeld. Als een soort voorbeeldleerling voor zoveel anderen. Z'n stinkende best gedaan heeft, juist ook op het Nederlands. Omdat hij hier zijn toekomst zag. Hij heeft 'Nederlands' als beste leerling op zijn school gedaan op het examen. En vervolgens zeg je: 'jammer joh… weg!'"
EenVandaag kundige it item oan op Twitter. Ik moat sizze dat ik it fan te foaren al oan kommen sjoch tsjintwurdich… de reaksjes.
@JayJaywalker601
armenië is daar oorlog dan?!.. hebben hier helemaal niets te zoeken!!
@doroth16
En Armenië heeft de plicht voor zijn kinderen te zorgen met hulp van de organisaties die daarvoor zijn.
@fear_ready
t gaat ook niet goed met Nederlanders die het huis worden uitgezet!!!
@hollandverzuipt
Laten we iedereen hierheen halen met wie het niet zo goed gaat....
@gerbendeperben
Het gaat ook niet altijd goed met Bram en Fleur, thats life.
Fan rjochtsûnder út de heupe, sûnder kennis fan saken. Se ha net iens nei de radio lústere of it artikel op de site fan EénVandaag lêzen. Lit stean it rapport sels. Lekker skreauwe.
Fan 'e wike hie Henk Krol fan de partij 50Plus in opinystik yn 'e Volkskrante. It gong him derom dat hy net perfoarst de PVV útslute wol as partij om mei gear te wurkjen. Dat hawwe no suver alle oare grutte partijen al dien. Krol skreau derby, dat de PVV foar gearwurking mei 50Plus har stânpunt oer flechtlingen oanpasse moat.
Ik sette op twitter dat dat soks is as dat in meiwurker fan miljeudefinsje bêst gearwurkje wol mei Shell, wannear't Shell ophâldt mei it ferwurkjen fan oalje.
@stekelig
Het lijkt wel een soort of Hitlerjugend waar al die journalistjes vandaan komen.
Al die figuren die iets doen voor de "publieke" omroep komen van de zelfde hoop en geen van alle objectief!
Pardon? Of op myn kollum fan ferline wike op dit plak, oer Trump en syn ûnsmaaklike sliepkeamergewoanten yn Russyske hotels:
Ek yn 2017 giet @bottejellema oer de linkse boeg #column
It klinkt net echt as in oanmoediging, dy linkse boech. Je bemige litte troch twa Russyske prostituees, dat is wis rjochts en neat op oan te merken? Ik bin it mei beide net iens.
Sjoch. Ik snap ek wol dat we ús grinzen net wiid iepen sette kinne foar elkenien en syn mem dy't hjir komme wol. Mar wannear't in gesin hjir seis jier sitten hat, yn eigen lân gefaar rûn, en sa'n jonge fan santjin, no achttjin, syn foarmjende jierren hjir wenne hat, hjir freonen hat, perfekt Nederlâns kin, miskien better as de gemiddelde twitterer, en yn Armenië 'ferpiteret', depressyf is en neat dwaan kin, om't er de taal amper sprekt… dan is der dochs net ien, mei it hert links, rjochts of yn de midden, dy't mei drûge eagen sizze kin dat er moai oprotte kin en dat dit goed regele is? Seis jier is it gewurde litten. Seis jier is te lang. Foar in bern. Net de fout fan dizze jonge. Terjochte, wat Defence for Children en de Rijksuniversiteit Groningen deroer skriuwe, en terjochte dat EénVandaag der oandacht oan besteget. Dêr hoege je net links as rjochts foar te wêzen.
Lês it sels mar, dat is net dreger as in tweet ferstjoere."