CDA-lieder Sybrand Buma wol bêst premier wurde

Sybrand Buma (CDA) © Gerhard Taatgen
CDA-lieder Sybrand Buma seit dat er bêst premier fan Nederlân wurde wol. Dat sei hy woansdeitejûn yn it telefyzjeprogramma Jinek. Buma, dy't berne is yn Warkum, wol dat net foar himsels, seit er, mar foar syn partij.
"Het gaat erom dat ik wil dat wij met het CDA dit land kunnen veranderen. Het gaat niet om de persoon van de politicus, het gaat niet om mij, maar het gaat om een aantal dingen die ik in het land wil veranderen.''
Morele revolúsje
Buma prate mei Jinek ûnder oare oer moreel liederskip. Hy fynt it belangryk dat de polityk ek sels in goed foarbyld oan de maatskippij jout. De CDA-listlûker sei sneon op it ferkiezingsdebat fan syn partij noch dat der in 'morele revolúsje' yn Nederlân nedich is, om it "doorgeslagen individualisme en onfatsoen'' te stoppen." De fraksjefoarsitter ferwachtet dat it CDA by de ferkiezings fan 15 maart de grutste partij wurde kin. Yn de peilingen leit it CDA lywkwols noch efter op de VVD en de PVV.