Fallisemint foar taksybedriuw Wolters út Drachten

18 jan 2017 - 22:20

Taksybedriuw Wolters út Drachten is fallyt. It bedriuw fersoarge 21 jier it ferfier yn Drachten en omkriten. It ferfier fan kliïnten bliuwt garandearre, want Taxi Dorenbos hat it grutste part fan it ferfier oernommen. De measte sjauffeurs fan it 40 man personiel tellende Taxi Wolters binne de ôfrûne moannen al by Dorenbos oan it wurk. It administratyf personiel sil lykwols ûntslein wurde. It giet om sân meiwurkers. De reden foar it fallisemint leit ûnder oaren yn it feit dat se in oanbesteging fan Alliade misrûn binne.

It giet mar dreech yn de taksybrânzje. Foarich jier gie ek Klomp fallyt. Neffens Wolters is de brânzje siik: "De ûndernimmers binne net koöperatyf. Dêrneist makket de oerheid misbrûk by de oanbestegingen fan it ferfier."

Trefwurden: 
taksy Wolters Drachten fallyt
(Advertinsje)
(Advertinsje)