IIshockeyers UNIS Flyers prolongearje bekerkampioenskip

18 jan 2017 - 22:04

De iishockeyers fan de UNIS Flyers hawwe woansdeitejûn harren bekerkampioenskip prolongearre. De Feansters wienen yn Eindhoven oppermachtich en wûnen de finale fan de beker mei 8-1 fan Geleen. De Flyers kamen al gau op foarsprong troch in goal fan Demelinne. Yn in pear minuten tiid makke Postma noch twa doelpunten foar de Feansters. Geleen skoarde noch tsjin, mar Bezak soarge derfoar dat UNIS Flyers nei de earste perioade op in 4-1 foarsprong kaam.

Al nei in minút spyljen yn de twadde perioade makke Wurm de 5-1 foar de Flyers. Postma soarge efkes letter foar de sechde treffer. Yn de tredde perioade skoarde Nijland de 7-1 foar de Feansters. Utblinker Postma fergrutte it ferskil sels noch ta 8-1. Mei dy stân makke de skiedsrjochter in ein oan de bekerfinale.

Trefwurden: 
UNIS Flyers iishockey Geleen
(advertinsje)
(advertinsje)