SP: ''Provinsje moat oergean op mienskipsenerzjy''

18 jan 2017 - 20:46
Foto: Omrop Fryslân

De Fryske SP-fraksje wol dat de provinsje Fryslân oergiet op de ynkeap fan mienskipsenerzjy, yn stee fan saneamde sjoemelstroom. De fraksje hat dêrom skriftlike fragen nei it kolleezje stjoerd. Der wurdt yn ús lân mear griene stroom ferkocht as opwekke. Dat is mooglik omdat der sertifikaten foar griene stroom yn omrin binne. De enerzjy hat sa wol it label fan griene stroom, wylst it eins net sa is.

De fraksje ropt de provinsje dan ek op oer te gean op duorsume mienskipsenerzjy fan koöperaasjes, dy't yntusken yn tsientallen Fryske doarpen oprjochte binne. Mei de ynkeap fan dizze stroom wurdt de enerzjyfoarsjenning net allinne duorsumer, mar komt de provinsje ek yn 'e mjitte mei de ferskate mienskippen yn 'e Fryske doarpen.

(advertinsje)
(advertinsje)