Ald Dwinger by Warten wurdt ynkoarten sanearre

18 jan 2017 - 19:41
(argyffoto) - Foto: ANP

It âlde stoart Ald Dwinger yn it Nasjonaal Park De Alde Feanen by Warten sil fan takom wike ôf oanpakt wurde. It stoart wurdt sanearre. Moandei sil der begûn wurde mei it pleatsen fan in daamwand om foar te kommen dat der fersmoarge grûn yn it wetter telâne komt. It stoart is tusken 1921 en 1962 brûkt troch de stêd Ljouwert. Al it smoargens gie nei de Ald Dwinger.

De ôfrûne desennia koe de natuer syn gong gean en dat is ek de bestimming fan it gebiet wurden. Letter dit jier sil as ûnderdiel fan de operaasje ek noch in fleantúch út de Twadde Wrâldoarloch burgen wurde. 

Trefwurden: 
Ald Dwinger stoart sanearring
(Advertinsje)
(Advertinsje)