19-jierrige man krijt wurkstraf foar swiere mishanneling

18 jan 2017 - 17:44
Foto: Omrop Fryslân

In 19-jierrige man út de gemeente Tytsjerksteradiel krijt in wurkstraf fan 120 oeren foar it mishanneljen fan in leeftiidsgenoat út Noardburgum. De fertochte sloech yn febrewaris foarich jier de tosken los fan it slachtoffer nei in rûzje. Neffens de rjochter is der sprake fan swiere mishanneling.

De fertochte moat ek 1.500 euro smertejild betelje en opdraaie foar de kosten dy't it slachtoffer meitsje moast nei de mishanneling. De oarsaak fan de rûzje is net dúdlik, mar neffens de rjochter is it wierskynlik 'haantjesgedrach'.

(Advertinsje)
(Advertinsje)