Fjouwer wiken sel foar diseldief út Sint-Nyk

18 jan 2017 - 17:27

In diseldief út Sint-Nyk is troch in peilbeaken tsjin de lampe rûn. Hy is woansdei feroardiele ta fjouwer wiken sel foar it stellen fan 260 liter disel by in leanbedriuw yn Follegea. De plysje siet al langer efter de man oan, mar koe him hieltyd net op de died betraapje. Doe waard in peilbeaken ûnder syn auto pleatst. Sa koe de plysje sjen dat de man oan de strjitwei yn Follegea wie. Letter waard er oanhâlden, mei in lading disel yn de auto.

Hy sei dat hy de brânstof kocht hie, mar út laboratoariumûndersyk die letter bliken dat de disel krekt deselde gearstalling hie as de disel yn de opslachtank fan it leanbedriuw. Omdat de man gjin ferantwurdlikheid naam foar de stellerij, easke de offisier fan justysje fjouwer wiken sel. De rjochter hat dy straf hielendal oernommen.

Trefwurden: 
Sint-Nyk disel stellerij plysje
(advertinsje)
(advertinsje)