Eaststellingwerf fiert dit jier it 500-jierrich bestean

18 jan 2017 - 17:18

De gemeente Eaststellingwerf bestiet dit jier 500 jier en dat wurdt grut fierd mei de ynwenners. Der wurdt troch de gemeente hast 100.000 euro beskikber steld foar it organisearjen fan aktiviteiten, dy't tusken 1 maaie en 1 desimber plak fine moatte. De bedoeling is dat út de trettjin doarpen sels de inisjativen komme foar de festiviteiten.

Woansdei is der in nije webside lansearre en dêr kinne minsken oant heal febrewaris subsydzje oanfreegje foar in aktiviteit. In ûnôfhinklike advysried beoardielet de oanfragen.

Trefwurden: 
Eaststellingwerf jubileum
(Advertinsje)
(Advertinsje)