Undernimmers wolle miljoenen stekke yn Ljouwerter hoareka

18 jan 2017 - 16:50

Der leit foar mear as tsien miljoen euro oan private ynvestearringen yn de Ljouwerter hoareka klear foar 2018. Yn totaal giet it om tsien plannen wêrfan der seis al hiel konkreet binne. Dat sei wethâlder Henk Deinum woansdeitemiddei by de presintaasje fan de nije konseptnota hoarekabelied fan de gemeente Ljouwert. Ien fan de maatregels moat it hoareka-ûndernimmers makliker meitsje wat nijs te begjinnen.

As in gebou no noch gjin hoarekabestimming hat, is it in hiele toer om dêr dochs hoareka yn te begjinnen. Dy drompel wurdt fuort helle yn in grut part fan de binnenstêd. Ferline jier soarge in diskusjenota fan de gemeente oer de hoareka noch foar in soad rebûlje yn de Grote Hoogstraat. Hoareka-ûndernimmers wienen it net iens mei de nije beheiningen fan de iepenings- en slutingstiden. Dêr is nei lústere en de doetiids neamde beheiningen binne út de plannen helle foar dit gebiet. De kommende seis wiken kinne belanghawwenden ynsprekke op it stik.

(Advertinsje)
(Advertinsje)