Bern ride healoerke op Boalserter iisbaan

18 jan 2017 - 16:11
Foto: Rudy Bouma/FrieslandActueel.nl

Bern yn Boalsert ha woansdeitemiddei mar koart genietsje kinnen fan de iisbaan yn de stêd. Dy gie om 13.00 oere iepen, mar moast nei in healoere wer slute. Dat wie omdat it iis te min waard. It bestjoer fan de iisferiening hie dêr al rekken mei hâlden, omdat it iis nachts net folle oangroeid wie. Dêrom wie der foar keazen om allinne skoalbern ta te litten. Tsientallen bern melden har by de baan. It bestjoer hopet letter dizze winter op 'e nij iepen te kinnen.

Trefwurden: 
iisbaan Boalsert
(Advertinsje)
(Advertinsje)