Ferfiersferbod by De Lytse Jouwer opheft

18 jan 2017 - 15:42
Foto: Omrop Fryslân, Lennie Bronsveld

It ferfiersferbod dat resint ynsteld waard nei de útbraak fan fûgelgryp op De Lytse Jouwer wurdt opheft. It bedriuw is nei de romming skjinmakke en ûntsmet. Mei yngong fan moarn binne der yn en om De Lytse Jouwer hinne gjin beheiningen mear foar it ferfier fan libjend plomfee, aaien, plomfeestront en brûkt struisel.

By it bedriuw fan hinneboer Rimer Dijkstra op De Lytse Jouwer waarden yn desimber goed 28.000 hinnen romme.

(advertinsje)
(advertinsje)