Ynbraak yn wenboat Snits

24 okt 2011 - 10:03
Foto: Omrop Fryslân

De plysje ûndersiket in ynbraak op in wenboat yn Snits. Doe't de bewenners fan de boat oan de Selfhelpweg sneintejûn thúskamen, stiene se each yn each mei in ynbrekker.

De noch ûnbekende man hie de hiele boat trochsocht en hie in grut tal sieraden klearlein om mei te nimmen. Doe't er de bewenners seach, naaide er út. De plysje hat de hiele jûn nei de man socht, mar hy is net fûn.

(Advertinsje)
(Advertinsje)