50Plus lilk oer noardlik ferkiezingsdebat

50Plus
De partij 50Plus is lilk oer de wegering fan de trije noardlike provinsjes om listlûker Henk Krol út te nûgjen foar in ferkiezingsdebat. Foarsitter Jan Nagel sprekt fan in boykot. Neffens de Drintske kommissaris fan de Kening Jacques Tichelaar, dy't sprekt út namme fan de organisaasje, is derfoar keazen om de acht grutste fraksjes yn de twadde keamer foar it debat út te nûgjen. 50Plus sit dêr net by. Neffens Nagel hat Tichelaar benammen each foar de belangen fan syn eigen partij, de PvdA. Tichelaar neamt dit ûnsin.
De regionale omroppen yn Fryslân, Grinslân en Drinte hawwe harren út ûnfrede werom lutsen út de organisaasje. Se stjoere it debat wol út, mar binne net langer sjoernalistyk ferantwurdlik foar de ynhâld.