Brânwacht hat noch in soad wurk oan it neiblussen

18 jan 2017 - 12:36

It is noch ûndúdlik hoe grut de skea is by autobedriuw Van der Horst. Om 4 oere moarns bruts it fjoer út yn de garaazje. Om't it om in útslaande brân gie, wreide it fjoer him al gau út. Goed 8 oere hat de brânwacht it sein 'brand meester' jûn. Mar ek dêrnei wie der neffens offisier fan tsjinst Marten Stol noch in soad wurk te dwaan: "Wy hiene in soad wurk oan it neiblussen, it is stielkonstruksje mei stielplaten en in hoop isolaasjemateriaal. Wy moasten in soad stiel fuorthelje om by it isolaasjemateriaal te kommen, en om dêr te blussen."

Der binne yn alle gefallen meardere auto's ferlern gien. Dochs hat de brânwacht neffens Stol mei har flugge optreden slimmer foarkomme kind: "Allinnich it part fan de showroom is ôfbaarnd, de wurkpleats dêr achter is bewarre bleaun."

Der is noch neat te sizzen oer de oarsaak fan de brân, de technyske resjerzje docht dêr ûndersyk nei.

Trefwurden: 
brân Van der Horst Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)