Brêge Skûlenboarch nei botsing moannen ticht foar auto's

De draaibrêge oer it Prinses Margrietkanaal by Skûlenboarch bliuwt de kommende moannen ticht foar autoferkear. In frachtskip mei houtsnippers botste tiisdeitejûn tsjin de brêge. Dêrby rekke de draaikrâns slim fernield. Der binne trije tosken fan it meganisme ôfbrutsen. Rykswettersteat moat nije ûnderdielen bestelle en de brêge moat hielendal fan syn plak helle wurde om it ûnderdiel te pleatsen. De brêge bliuwt iepen stean foar it skipfeartferkear, mar auto's en fytsers moatte omride fia de brêge by Koatstertille.
Neffens Rykswettersteat falle de gefolgen ta, fanwege de ûntslutingsdyk dy't ferline jier oanlein is, wêrtroch't de bedriuwen goed berikber binne. De plysje docht ûndersyk nei de oanfarring. Wat al wol dúdlik is, is dat de skipper en de matroas gjin drank op hiene. Mooglik ha se de brêge fanwege de mist net sjoen.