Simon Schouten wint de maraton op natueriis yn Noordlaren

18 jan 2017 - 12:09

Simon Schouten hat by de manlju de earste maraton op natueriis fan 2017 wûn. De rider út Andijk koe as rapste de 125 rûntsjes oer it iis yn Noordlaren meitsje. It peloton fan 68 riders bleau lange tiid byinoar, en it wie dreech foar de riders om derút fuort te riden. Uiteinlik koe der in lytse kopgroep fan njoggen man ûntstean, mei hjiryn Bob en Bart de Vries. Dizze kopgroep koe net mear achterhelle wurde troch it peloton, en koe úteinlik in ronde foarsprong opbouwe. Yn de einsprint wie Schouten úteinlik te rap foar de rest.

Robert Post fan Grins pakte it twadde plak en Sjoerd den Hertog, ek út Grins, kaam as tredde oer de finish. De Friezen bedarren njonken it poadium. Bob de Vries kaam as sânde oer de finish en Bart de Vries as njoggende.

(Advertinsje)
(Advertinsje)