"Mei de dei kamen der mear manlju mei gewearen"

18 jan 2017 - 11:43

"Ik bin wol klear mei Afrika, der is altyd wat. De folgjende kear gean we gewoan nei Curaçao, moatst wol wat langer fleane, mar dan sit it wol goed", sa seit âld-skûtsjeskipper Jacob Huisman fan skûtsje Ut 'e Striid. Huisman is ien fan de 1600 fakânsjegongers dy't weromkomme moatte út Gambia. It ministearje hat tiisdei in negatyf reisadvys jûn. Der wurdt advisearre allinnich mar nei Gambia te gean as it needsaaklik is. De 1600 Nederlânners dy't mei TUI en Corendon yn Gambia binne, komme woansdei werom nei Nederlân.

It nasjonaal parlemint fan Gambia hat woansdeitemoarn in resolúsje oannaam wêrmei't presidint Yahya Jammeh noch trije moannen oan de macht bliuwe sil. De presidint waard yn desimber fuortstimd, mar it parlemint stiet noch hieltyd achter him.

Huisman is bliid dat se woansdei wer werom meie nei Nederlân. Hy en syn frou sieten yn in resort dêr't ek de presidinsjele suite is. De ôfrûne wike hawwe se in soad politisy sjoen yn it hotel. "Mei de dei kamen der mear mantsjes mei gewearen en rûn it resort hieltyd mear leech. Mar net allinnich de toeristen geane fuort, ek de lokale befolking set ôf nei oare plakken."

De skûtsjeskipper hie dêrom ferline wike al oan it reisburo frege oft se earder werom mochten. Dat koe yn earste ynstânsje net. Tiisdei hat it reisburo belle dat se ferplicht werom moatte. Dêrom binne Huisman en syn frou woansdeitemoarn nei it fleanfjild gien. Se steane mei noch 800 oare Nederlanners te wachtsjen oant se yn ien fan de acht fleantugen kinne dy't werom sille nei Schiphol.

(Advertinsje)
(Advertinsje)