Plysje hâldt twa Ljouwerters oan foar stekynsidint

18 jan 2017 - 11:14
Foto: ANP

De plysje hat tiisdei twa Ljouwerters fan 18 en 20 jier oanhâlden dy't mooglik belutsen wiene by in stekpartij yn novimber ôfrûne jier op de Nijstêd. By de stekpartij yn de nacht fan 11 op 12 novimber rekke in 24-jierrige Ljouwerter ferwûne. It slachtoffer woe in man helpe dy't troch in groep fan sa'n fiif manlju lestich fallen waard. By de rúzje dy't folge, waard de 24-jierrige Ljouwerter yn syn rêch stutsen. Hy moast nei it sikehûs. Undersyk brocht de plysje op it spoar fan de twa Ljouwerters. De plysje slút meardere oanhâldingen net út.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)