"Gjin grutte gefolgen foar omjouwing"

18 jan 2017 - 11:14

De grutte brân by autobedriuw Van der Horst yn Ljouwert hat gjin grutte gefolgen foar de omjouwing. Dat seit de gemeente Ljouwert. De bedriuwen op it bedriuweterrein binne berikber, al is in lyts part fan de Slauerhoffwei noch wol ôfsletten. By de brân kaam in soad reek frij, de brânwacht hat dêrom mjittingen dien, ûnder oare by Crystalic, it glêzen gebou dêr't in soad bedriuwen yn sitte. Ut dy mjittingen dy lykwols bliken dat it bernedeiferbliuw It Sinnebern fan de Kids First COP groep gewoan iepen kin woansdei.

Trefwurden: 
brân Van der Horst Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)