Steuring oan spoarbrêge foarby

De spoarbrêge oer it Van Harinxmakanaal by Ljouwert © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Troch in steuring yn de spoarbrêge oer it Van Harinxmakanaal by Ljouwert, hat der koarte tiid gjin treinferkear mooglik west tusken Ljouwert en Akkrum. De NS sette bussen yn en warskôge dat de ekstra reistiid oprinne koe oant mear as in oere.  De brêge sleat net goed nei't dy iepen west hie foar in skip.
Monteurs hawwe dwaande west om de steuring te ferhelpen.