Guus Meeuwis komt op Glemmer Beach

18 jan 2017 - 10:56

Guus Meeuwis stiet 2 septimber op it poadium fan Glemmer Beach. De Nederlânske sjonger slút it festival op sneon ôf. Earder waard al bekend dat Anouk en de Golden Earring de headliners binne op de oare dagen fan it festival by it Lemster strân. Glemmer Beach wurdt foar de achtste kear hâlden, it is dit jier fan 31 augustus oant en mei 2 septimber.

"We zijn al een aantal jaren bezig om Guus naar Glemmer Beach te halen en we zijn blij dat het nu eindelijk gelukt is", lit de organisaasje witte.

Fans

Fia de sosjale media hat de organisaasje oan de fans frege watfoar artyst oft se graach op it festival sjen wolle. Dêr kaam út dat Guus Meeuwis hiel populêr is. Yn 2008 spile Guus Meeuwis trije kear yn in útferkocht Abe Lenstra stadion op It Hearrenfean mei syn stadionkonsert 'Groots Met Een Zachte G - Uit & Thuis.' De foarferkeap is al begûn.
 

Trefwurden: 
Glemmer Beach Guus Meeuwis
(Advertinsje)
(Advertinsje)