Lisa van der Geest wint maraton op natueriis yn Noordlaren

18 jan 2017 - 10:51

Lisa van der Geest hat de earste maraton op natueriis fan 2017 op har namme skreaun. De rydster út Warmond wie de rapste op it iis yn Noordlaren. Yn de lêste rûntsjes wie der in kopgroepke fan acht froulju, dy't ôfwachten wa't it earst de sprint oangean soe. Uteinlik wie it Elma de Vries fan Meppel dy't as earste oansette, mei de rest der achteroan. Mar yn de drokte slagget it De Vries net om op kop te bliuwen, en úteinlik is Van der Geest dejinge dy't de winst pakt.

Emma Engbers út Amsterdam komt krekt nei Van der Geest as twadde oer de streek, en favoryt Irene Schouten wurdt tredde. De striid by de manlju set om 11 oere útein, en is krekt lykas de maraton fan de froulju live op Omrop Fryslân telefyzje te sjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)