Plysje ûndersiket oanfarring Skûlenboarch

18 jan 2017 - 09:53
De nije boat - Foto: politie.nl

De plysje ûndersiket de oanfarring fan de brêge oer it Prinses Margrietkanaal by Skûlenboarch. In frachtskip mei houtsnippers botste tiisdeitejûn tsjin de brêge. De twa minsken oan board fan it skip kamen mei de skrik frij. Ut in earste ûndersyk die bliken dat de skipper en matroas net ûnder ynfloed fan alkohol wiene. Mooglik hat de mist in rol spile. De brêge koe nei de botsing net langer ticht en waard ôfsletten foar it skipfeartferkear en it ferkear oer de dyk. It skipfeartferkear kin der sûnt woansdeitemoarn wol wer del.

(Advertinsje)
(Advertinsje)