Noordlaren is klear foar maraton op natueriis

Yn Noordlaren binne se klear foar de reedrydmaraton op natueriis dy't woansdei hâlden wurdt. Mei man en macht hat de iisferiening wurke oan de iisflier dy't ûntstien is op de skeelerbaan troch mei in jarretank hieltyd in tin laachje wetter op de baan oan te bringen.
Om 10.00 oere starte de froulju en in oere letter geane de manlju fan start. Alles is te folgjen fia Omrop Fryslân, op telefyzje, radio en ynternet.
De top fan it maratonriden komt oan de start, lykas Arjan Stroetinga, Bob de Vries, Jorrit Bergsma, Arjan Stroetinga, Gary Hekman en Crispijn Ariëns. By de froulju binne dat Elma de Vries, Aggie Walsma, Irene Schouten, Lisa van der Geest en Iris van der Stelt.
Neffens Willem Hut, koördinator by de KNSB, leit de baan der geweldich by. "Thialf kin jaloersk wêze, sa strak is de baan. Hjir dogge we it foar. It sil in geweldich spektakel wurde, wa wint de striid op natueriis? Wa kin mei dizze kjeld de kop derby hâlde?"