It PM-kanaal by Skûlenboarch wer iepen foar skipfeart

18 jan 2017 - 08:32
It ferkear kin troch de oanfarring net mear oer de brêge - Foto: De Vries Media

It Prinses Margrietkanaal by Skûlenboarch is wer iepen foar it skipfeartferkear. De brêge bliuwt noch wol ôfsletten foar it ferkear oer de dyk. Dat wurdt omlaat.

Tiisdei oan it begjin fan de jûn hat in skip in oanfarring hân mei de brêge, wêrtroch safolle skea ûntstie dat de brêge ôfsluten wurde moast. It is noch net dúdlik hoe lang as it autoferkear rekken hâlde moat mei in omlieding. Rykswettersteat, de provinsje Fryslân en in oannimmer binne dwaande om de problemen op te lossen.

De Hoofdvaarweg Lemmer Delfzijl, dêr't Skûlenboarch ûnderdiel fan is, jild as ien fan de wichtichste hannelsrûtes fan Nederlân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)