PVV'er Hiemstra stapt op

24 okt 2011 - 08:04

Fraksjefoarsitter Jelle Hiemstra fan de PVV Fryslân stapt per direkt op. Yn in ferklearring seit Hiemstra dat syn ôfwikende stânpunt oer holdoekjes en islamisearring, net op priis steld wurdt troch de PVV Den Haach. Op 5 septimber waard Hiemstra mishannele troch twa maskere manlju dy't thús by him oanbellen. Neffens Hiemstra hie de mishanneling in polityk motyf en hat er dêrnei kwalik stipe hân fan de PVV. Hiemstra sil no fierder as ûnôfhinklik steatelid.

(Advertinsje)
(Advertinsje)