Sein 'brand meester' jûn by brân yn Ljouwert

18 jan 2017 - 08:17

De brân by autobedriuw Van der Horst yn Ljouwert is ûnder kontrôle. De brânwacht hat woansdei krekt nei acht oere moarns it sein 'brand meester' jûn. De earste melding fan de brân kaam moarns betiid krekt foar fjouwer oere. It fjoer liket op de boppeferdjipping fan it gebou ûntstien te wêzen. In tal auto's koe noch nei bûten helle wurde, mar al gau gie it om in útslaande brân en hie it fjoer ek de ûnderste ferdjipping fan it gebou berikt.

De skea is grut, in soad auto's lykje ferlern gien te wêzen.

Ek de Slauerhoffdyk is noch net wer iepen. De dyk is ôfsletten foar it ferkear om de brânwacht romte te jaan.

Trefwurden: 
brân Van der Horst
(Advertinsje)
(Advertinsje)