Grutte brân garaazjebedriuw Ljouwert

18 jan 2017 - 07:55

In grutte brân hat woansdeitemoarn autobedriuw Van der Horst oan de Alexander Cohenwei yn Ljouwert hast folslein yn de jiske lein. De earste melding kaam om krekt foar fjouwer oere binnen. It fjoer is neffens de brânwacht ûntstien op de boppeferdjipping fan it gebou. In oantal auto's koe noch nei bûten helle wurde, mar al gau gie it om in útslaande brân en hie it fjoer ek de ûnderste ferdjipping fan it gebou berikt.

Oerlêst

De Slauerhoffwei dy't by it autobedriuw delrint is woansdeitemoarn troch de brânwacht ôfsletten foar al it autoferkear. De dyk wurdt hast folslein brûkt troch in grut ferskaat oan brânwachtkorpsen dy't helpe mei it bestriden fan it fjoer. Fytsers kinne it fytspaad noch wol brûke, mar moatte rekken hâlde mei in sjippeglêde dyk. Troch de froast is in part fan it bluswetter opferzen. Meiwurkers fan Wetterskip Fryslân, en oare bedriuwen tichteby Van der Horst wurde oproppen om harren auto's op it terrein fan it WTC te parkearren, en dêrnei nei it wurk te rinnen.

Opskaling

Neffens de brânwacht binne der ûnder oare korpsen út Menaam, Burgum, Grou en Harns oproppen om mei te helpen. Hjir is ek in grut wettertransport by, dy't op de Slauerhoffbrêge stiet om wetter nei de lokaasje fan de brân te ferfieren.

De brânwacht hat fuort nei it opskalen fan de brân ek mjittingen dien yn de omjouwing om te sjen oft der ek skealike stoffen frijkaam binne. Dit liket net it gefal te wêzen.

Trefwurden: 
brân Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)