It is heechseizoen... by de reisburo's

17 jan 2017 - 22:57

De reisburo's hawwe it dizze moanne drok mei klanten dy't al yn jannewaris boeke wolle foar de simmer, de maitiid of sels de hjerstfakânsje. Reisburo Franeker yn Frjentsjer hat om dy reden ekstra minsken oan it wurk en it buro is faker iepen.

Neffens Jeanet Diemers-Hospes fan it reisburo wolle de saneamde betide boekers wis wêze fan plak, moai waar én in feilige fakânsje. Lannen as Turkije en Egypte binne út de graasje, mar reizen nei Amearika en Kanada dogge it goed. Kuba, Dûbai en Oman binne bestimmingen dy't yn opkomst binne.

Reisburo Franeker krijt dizze moanne mear betide boekers oer de flier as ferline jier. Trochdat Turkije 'út' is, ferkeapet it reisburo wer mear reizen nei alternative bestimmingen mei moai waar as Grikelân, Spanje en Portugal.

Trefwurden: 
reisburo Frjentsjer drokte
(Advertinsje)
(Advertinsje)