Ljouwert hat flaters makke by romming grêven yn Huzum

18 jan 2017 - 06:30
Doarpstsjerke Huzum

De gemeente Ljouwert hat ferline jier flaters makke by it romjen fan de grêven op it begraafplak yn Huzum. Fan mear as de helte fan de 668 romme grêven is net oan te toanen dat dy ek echt romme wurde mochten. Dat stiet yn in skriuwen fan de gemeente. Der is net genôch dien om út te finen oft der noch minsken wiene dy't it ûnderhâld oernimme woene. Omdat der op dit momint genôch frije grêven beskikber binne, hat de gemeente de tiid om it ferfolch fan de rommingsaksje soarchfâldich út te fieren.

De foarskiednis

Yn 2011 begûn in grutte opskjinningsaksje op it Huzumer begraafplak. Der soene 950 grêfmonuminten oprêden wurde, de paden moasten oanpakt wurde en der moast in stik administrative achterstân fuortwurke wurde. Der waard as earste socht nei famyljeleden fan de begroeven minsken, om te sjen oft dy eventueel it ûnderhâld fan it grêf oernimme woe. As dat net slagge, plakte de gemeente in briefke op de stien mei de fraach om kontakt op te nimmen mei de gemeente. Yn de krante en by de yngong fan it begraafplak waard in list publisearre fan grêfstiennen dy't de gemeente romje woe. As der binnen in jier net ien reagearre, waard it grêf as ferfallen ferklearre. Dat levere úteinlik in list op mei 950 grêven dy't romme wurde soene.

Protesten

Op 9 maaie gie de romming útein. Dat soarge foar klachten fan besikers dy't it skandalich fûnen dat de serken yn stikken yn in iepen kontener smiten waarden. En der kamen meldingen oer briefkes op grêven of in monumint dat al ferwidere wie. De gemeente begûn doe te twiveljen oan de oanpak. Yn febrewaris 2013 waard de aksje stillein. Op dat momint wiene der al 668 grêfmonuminten fuorthelle. Dêrnei is opnij socht oft der noch neibesteanden fûn wurde koene. Gemeentewurkers hiene ek in soad krityk op de gong fan saken en melden dat yn in anonime mail.

Optelsom fan flaters

Buro Berenschot ûndersocht de saak en miste in juridyske ûnderbouwing foar de romming en konstatearre 'in optelsom van fouten'.

Juridyske útsikerij

Op 2 maart 2016 frege de gemeente juridysk advys oft de rommingsaksje wol rjochtmjittich wie. De konklúzje wie dat fan de 668 it yn 300 gefallen wis wie dat dy terjochte romme binne. Foar de oare romme grêfmonuminten binne no de útgongspunten dúdlik en sil de gemeente him dêroan hâlde. It juridyske advys hat as gefolch dat alle juridyske grûnslaggen fan de gemeentlike begraafplakken op in rychje setten wurde. Fanwege de weryndieling, lizze der ferskate feroarderingen út de eardere gemeente Boarnsterhim.

Drainaazje

De begraafplakken fan Grou, Jirnsum, Reduzum, Warten en Wergea binne ek ûndersocht. Der wiene dêr nammentlik klachten oer de wetterstân. Undersyk hat dúdlik makke dat dêr sprake is fan in te hege grûnwetterstân. De oplossing is dat der drainaazje oanbrocht wurdt. It is de bedoeling dat dêr de kommende maitiid mei begûn wurdt. De kosten dêrfan binne 300.000 euro.

(Advertinsje)
(Advertinsje)